LJOUBJR

It duo It akoestyske duo Ljoubjr bestie nog mar trije wike en se stiene al te spyljen yn it Frysk Museum. Hedser Jan Tijtsma is de sanger en spilet gitaar. De teksten en de basis fan de nûmers komt fan syn hân. De gitarist mei it lange hier en fraaie meldijen hat de namme Eelke Wiegersma. Beide muzikanten kinne elkoar fan in totaal oare muzykstreaming: de metalband Lethargy. Op it poadium Hedser hat himsels as sanger en persoanlikheid fierder ûntwikkele op ferskate poadia. Hy en Eelke spylje oeral. It makket net út wannear’t dit in strjitfestival, in park, kroeg, poppoadium, trouwerij of in tsjerke is. Erkenning It duo Ljoubjr helle mei it liet ‘Skreau’ op Liet! it twadde plak en se krigen de Steven Sterk tekstpriis. LJOUBJR de BAND Hedser en Eelke ha yn november 2012 har earste studioskiif útbrocht mei de titel ‘Blauwe Moanne’. Hjirop is der neist muzyk ek byldmateriaal te sjen. It album is puur en earlik: 100% Ljoubjr. Yn 2011 binne der mear muzikanten by Ljoubjr helle. De nûmers fan de skiif wurde spile yn rockformaasje. Dit ynysjatief wie yn’e earste ynstânsje as projekt bedoelt foar Aaipop, mar de reaksjes wiene sa posityf dat der besletten is om fierder te gean ûnder de namme ‘LJOUBJR de BAND’. Mei de band is der in twadde skiif makke: ‘Folle Moanne”. Spitigernôch is de skiif op’t stuit útferkocht, mar nûmers binne fergees del te heljen fia dizze side. Ûndertusken dûkt LJOUBJR de BAND de studio yn om ferskes op te nimmen. Dizze nûmers wurde útbrocht op it ynternet. Hâld de webside yn’e gaten foar nij materiaal fan LJOUBJR! De Band bestiet út: -de moaiste frou yn’e band: Anna ‘Pipo’ de Vries -de man mei it rûchste hier: Arnold Strikwerda -de man mei de kealste holle: Wâtte Leenstra Diskografy: Duo Streamingen (eigen behear 2005, net mear te krijen) Duo    De Sinne Giet Under (eigen behear 2006, net mear te krijen) Duo                                  Blauwe Moanne (eigen behear 2010) De Band:            Folle Moanne (eigen behear 2012, útferkocht)
BIOGRAFY
KONTAKT
MEDIA